Black Swan (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Black Swan is in Amerikaanske psychologyske skrillerfilm út 2010 ûnder rezjy fan Darren Aronofsky, mei yn 'e haadrol Natalie Portman en yn 'e wichtichste byrollen Vincent Cassel en Mila Kunis. De titel betsjut "Swarte Swan" en ferwiist nei in personaazje út it ballet De Swannemar, fan Tsjaikovsky. It film folget de talintearre mar geastlik labile ballerina Nina Sayers, dy't de haadrol yn in produksje fan De Swannemar taparte kriget. As se troch har folle-easkjende artistyk direkteur, har oerhearskjende mem en in nije, ferliedlike rivale oer har brekpunt dreaun wurdt, bedarret se yn in libbene nachtmerje fan waarfoarstellings. Black Swan waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en woeks yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. Portman wûn mei har rol de Oscar, Golden Globe, BAFTA en ferskate oare wichtige prizen yn 'e kategory bêste aktrise. De film sels waard nominearre foar û.o. de Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Film – Drama.
Black Swan | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Darren Aronofsky | |
produsint | Mike Medavoy Arnold W. Messer Brian Oliver Scott Franklin | |
senario | Mark Heyman Andres Heinz John McLaughlin | |
kamerarezjy | Matthew Libatique | |
muzyk | Clint Mansell | |
filmstudio | Cross Creek Pictures Protozoa Pictures Phoenix Pictures Dune Entertainment | |
distribúsje | Fox Searchlight Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Natalie Portman | |
byrollen | Vincent Cassel Mila Kunis Barbara Hershey Winona Ryder | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 3 desimber 2010 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | psychologyske skriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 108 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $13 miljoen | |
opbringst | $329,4 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar 1 × Golden Globe 1 × BAFTA 1 × SAG Award 2 × Saturn Award 4 × Independent Spirit Award |