From Wikipedia, the free encyclopedia
Boris en Gleb (Russysk: Борис и Глеб; Oekraynsk: Борис і Гліб) wiene foarsten fan it Kiëvske Ryk en waarden de earste minsken dy't nei it kristenjen fan it Kiëvske Ryk ta hilligen ferklearre waarden. Boris († 24 july 1015) krige as doopnamme Romanus en Gleb († 5 septimber 1015) David.
Neffen in 11-iuwske biografy oer de hilligen wiene Boris en Gleb bern fan Vladimir de Grutte en hiene se in Bulgaarske mem. Vladimir hold mear fan Boris en Gleb dan fan syn oare soannen. Unbekend is wannear't hja berne binne, mooglik earne om 986 en 987 hinne. Om 995 (of 1010?) waard Boris foarst fan Rostov en Gleb foarst fan Moerom. Mear ynformaasje oer harren libben is der net oerlevere.
Beide jongens waarden yn de striid om de erfopfolging yn 1015-1019 fermoarde troch harren heidenske healbroer Svjatopolk. Boris wie ferwûne doe't er fan in syktocht nei de Petsjenegen werom kaam dy't in oanfal útfierd hiene. Hy waard mei in lâns om it libben brocht, wylst Gleb de kiel trochsnien waard troch in tsjinder doe't er nei syn stjerrende heit ôfreizge.
De ferearing fan de beide bruorren sette al om 1050 hinne yn en soe letter yn it religieuze en politike libben fan Ruslân in grutte rol spylje. De beide bruorren hearden ta de populêrste âldrussyske hilligen. Se waarden as de earste east-slavyske minsken hillich ferklearre, nei alle gedachten yn 1071 (of 1072) yn it ramt fan it oerbringen fan de omskotten fan Boris en Gleb yn de nei harren ferneamde tsjerke fan Vysjhorod by Kiëv.
Meardere tsjerken en kleasters binne nei de twa hilligen ferneamd. Se wurde as beskermhilligen fan Ruslân en Moskou beskôge. Yn de ikonografy wurde de twa bruorren hast altiten tegearre ôfbylde. Somtiden sitte se op it hynder. Hja hawwe yn 'e regel mei bûnt ôfsette mûtsen op 'e holle en drage faak in swurd of in krús.
Yn 1704 waard de russyske stêd Borisoglebsk nei harren ferneamd.
Paus Benediktus XIII ferklearre Boris en Gleb yn 1724 ek foar de Roomsk-Katolike Tsjerke hillich.
Boris en Gleb wurde op 24 july betocht (otterdoksy, roomsk-katolisisme). Oare betinkingsdagen binne 2 maaie (it oerbringen fan de reliken) en 5 septimber (betinking fan de moard). De Armeenske Tsjerke hat dêrnjonken noch 5 maaie as betinkingsdei.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.