From Wikipedia, the free encyclopedia
Breisach am Rhein is in stêd oan 'e Dútsk-Frânske grins healwei tusken Colmar en Freiburg im Breisgau en fan beide kanten op sa'n 60 kilometer noardlik fan Basel en súdlik fan Straasburch. In brêge oer de Ryn ferbynt Breisach mei Volgelsheim op de Frânske kant. Noardeastlik fan 'e stêd leit de Kaiserstuhl, in lyts middelberchte dêr't poerbêste wyn produsearre wurdt.
Breisach am Rhein | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
lânkring | Breisgau-Hochschwarzwald | |
Stedsyndieling | 4 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 15.793 (2022) | |
Oerflak | 54,59 km² | |
Befolkingsticht. | 289 ynw./km² | |
Hichte | 225 m | |
Oar | ||
Postkoade | 79206 | |
Koördinaten | 48° 1' N 7° 34' E | |
Offisjele webside | ||
www.breisach.de | ||
Kaart | ||
Yn 'e lette midsiuwen wie Breisach ynearsten in selstannige ryksstêd yn it Hillige Roomske Ryk, dat fan it stedswapen falt ôf te lêzen. Loadewyk de Beier ferpâne yn 1330 de stêd lykwols oan 'e Eastenrykske hartoggen Otto de Fleurige en Albrecht de Lamme.
Oan it begjin fan 'e Iermoderne Tiid waard Breisach útboud ta in ryksfêsting.
Hjoed-de-dei is de stêd fan belang as sintrum foar sa'n 40.000 ynwenners yn 'e omkriten op 'e rjochter kant fan 'e Ryn en de oanbuorjende Elzas.
It besjen wurdich is de op in rots (Münsterberg) boppe de stêd lizzende romaansk-goatyske Stephansmünster. Foar de rots oer leit de Eckartsberg, dêr't de resten fan 'e fêsting te sjen binne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.