Brief oan de Filippiërs
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Brief oan de Filippiërs, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Φιλιππησιους, Epistoli pros Filippisious, ek wol koartwei Filippiërs neamd, is it alfde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de sechsde fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, is ûnder bibelwittenskippers en teologen algemien oanfurde, al neamt Paulus sels yn 'e ynlieding Timóteüs as mei-skriuwer. Ut it brief docht bliken dat Paulus yn it tichthús siet doe't er him skreau, krekt as by Efeziërs, Kolossers en Filémon. Dy fjouwer brieven wurde sadwaande ek wol de Finzenskipsbrieven neamd.
Brief oan de Filippiërs | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Επιστολή προς Φιλιππησιους ("Epistoli pros Filippisious") | |
auteur | Paulus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 54 – 63 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Brief oan de Efeziërs | |
● folgjend diel | Brief oan de Kolossers | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Brief oan de Filippiërs | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
De measte saakkundigen binne fan tinken dat Filippiërs om it jier 62 hinne skreaun wêze moat, doe't Paulus yn Rome fêstholden waard (61-63), al liket guon bibelwittenskippers in eardere datearring, doe't Paulus finzen siet yn Efeze (54-57) of yn Sesareä (58-61), better ta. It brief is skreaun oan 'e kristlike gemeente te Filippy, yn Masedoanje, dy't Paulus sels stifte hie op syn twadde sindingsreis, tusken 49 en 51 (sjoch: Hannelingen 16:11-40). It doel fan it brief wie om 'e Filippiërs te tankjen foar harren stipe. De earste folsleine Fryske oersetting fan Filippiërs stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.