Busta Rhymes
From Wikipedia, the free encyclopedia
Busta Rhymes ( New York City, 20 maaie 1972), berne as Trevor Tahiem Smith Junior, is in rapper út de Feriene Steaten. Yn 1996 is er ferneamd wurden troch de singel "Woo Hah!! Got You All in Check".
Yn de nacht fan 4 op 5 febrewaris 2006 waard by in fideo-opname foar de single Touch It mei Mary J. Blige, Missy Elliott, DMX, Papoose, Sean Paul, Lloyd Banks en leden fan G Unit yn in pakhûs yn Brooklyn in pistoal ôfsketten. Dêrby stoar de 29 jierrige liifwacht fan Busta, Israel „Izzy“ Ramirez, troch in deadlik skot yn it boarst. Oan it begjin fan de fideo „Touch it“ earet Busta Rhymes Ramirez mei in persoanlik boadskip. It motyf fan de dieder is net bekend.