Chabarovsk
in stêd yn Ruslân / From Wikipedia, the free encyclopedia
Chabarovsk (Russysk: Хабaровск, IPA: [xɐˈbarəfsk]) is de grutste stêd fan it Russyske Fiere Easten en de haadstêd fan de kraj Chabarovsk. De stêd leit 30 km fan de Sineeske grins by de gearrin fan de rivieren Amoer en Ussoeri. De twadgrutte stêd fan it Russyske Fiere Easten, Wladiwostok, leit likernôch 800 km fan Chabarovsk ôf. De stêd wie fan 2002 oant desimber 2018 de haadstêd fan it Federaal distrikt Fiere Easten, doe't Wladiwostok dy rôl oernaam. De stêd hat 613.480 (2022) ynwenners en stribbe Wladiwostok yn 2015 foarby as grutste stêd yn it Russyske Fiere Easten. Chabarovsk hat in ekstreem klimaat mei tige kâlde winters mei útspringers ta -40° C en waarme oant hjitte en fochtige simmers oant +35° C.
Fluch de feiten Flagge, Wapen ...
Chabarovsk | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Kraj | Chabarovsk |
Sifers | |
Ynwennertal | 613.480 (rûzing 2022) |
Oerflak | 389 km² |
Befolkingstichtens | 1589,33 ynw. / km² |
Hichte | 72 m |
Oar | |
Stifting | 31 maaie 1858 |
Tiidsône | (UTC+10) |
Koördinaten | 48° 29' N 135° 5' E |
Webside | Side fan de stêd |
Slute