Charles Varnum
From Wikipedia, the free encyclopedia
Charles Varnum (folút: Charles Albert Varnum; Troy (New York), 21 juny 1849 – San Francisco (Kalifornje), 26 febrewaris 1936) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Ingelsk komôf, dy't de measte bekendheid krige as de befelhawwer fan 'e ferkennersienheid fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Yn dy hoedanichheid focht er yn 1876, ûnder de Grutte Sû-Oarloch, mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn. Neitiid wied er ek belutsen by de Nez Persé-Oarloch, it Bloedbad fan Wounded Knee en de Amerikaansk-Filipynske Oarloch.
Fluch de feiten
Charles Varnum | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Charles Albert Varnum | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 juny 1849 | |
berteplak | Troy (New York) | |
stoarn | 26 febrewaris 1936 | |
stjerplak | San Francisco (Kalifornje) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1872 – 1908 & 1912 – 1919 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | kolonel (WWI) | |
befel | B Komp./Am. 7e Kav.reg. | |
konflikt(en) | Yellowstone-ekspedysje Ekspedysje nei de Black Hills Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Nez Persé-Oarloch Geastedûnsoarloch Amerikaansk-Filipynske Oarloch | |
treffen(s) | Slach oan de Little Bighorn Slach by Canyon Creek Slach by Bear Paw Bloedbad fan Wounded Knee Gefjocht by Drexel Mission | |
ûnderskiedings | Medal of Honor 1897 |
Slute