From Wikipedia, the free encyclopedia
Concord is in plak (town) yn de steat Massachusetts yn de Feriene Steaten (F.S.), sa'n 30 km bewesten Boston.
Concord | ||
Haadstrjitte Concord | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Massachusetts | |
County | Middlesex County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 17.668 (2010) | |
Oerflak | 67 km² | |
Befolkingsticht. | 263 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1635 | |
Tiidsône | (UTC-5) | |
Simmertiid | (UTC-4) | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webside Concord |
Concord hat in rol fan belang spile yn de skiednis fan de Feriene Steaten en yn de Amerikaanske literatuer.
Concord spile in haadrol oan it begjin fan de Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich, doe't moarnsier 19 april 1775 de earste militêre konfrontaasjes wiene tusken Amerikaanske boargermilysjes, de Minutemen, en it Britske leger. Earder dy dei dag waren er skermutselingen tusken de Amerikaanske milysjes en Britske legerienheden yn it tichteby lizzend Lexington, dêr't de Amerikanen ferslein waarden. Dêrnei gienen de Britten fierder nei Concord, dêr't fjildslach by de Alde Noardbrêge (Old North Bridge) útfjochte waard en de Amerikaanske frijheidsstriders de Britske soldaten op de rin wisten te krijen.
Concord spile ek in bysûndere rol yn de skiednis fan de literatuer fan de F.S.. De filosoof Ralph Waldo Emerson wenne yn Concord, lykas ek de skriuwers Louisa May Alcott, Margaret Sidney, Nathaniel Hawthorne en Henry David Thoreau. Thoreau wenne goed twa jier yn in houten hûske dat er sels set hie, oan it marke Walden Pond, dêr't hy syn ferneamde boek "Walden" skreau.
In protte ferneamde bewenners fan Concord binne begroeven op begraafplak Sleepy Hollow Cemetery.
Bertejier | Namme | Stjerjier | Berop |
---|---|---|---|
1803 | Ralph Waldo Emerson | 1882 | Skriuwer en filosoof |
1817 | Henry David Thoreau | 1862 | Skriuwer en filosoof |
1868 | Robert Williams Wood | 1955 | Natuerkundige |
1962 | Steve Carell | Akteur en komediant | |
1969 | Paget Brewster | aktrise | |
1975 | Hal Gill | Iishokkyspiler | |
1976 | Greg Marcks | Filmmakker | |
1974 | Dean Rosenthal | Komponist |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Concord, Massachusetts fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.