Düsseldorf
From Wikipedia, the free encyclopedia
Düsseldorf is de haadstêd fan 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit súdlik fan it Ruhrgebiet. It grutste part fan 'e stêd leit eastlik fan 'e Ryn op it plak dêr de Düssel yn 'e Ryn mûnet.
Fluch de feiten
Düsseldorf | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
Stedsyndieling | 10 stedsdistrikten mei 50 stedsdielen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 629.047 (2022) | |
Oerflak | 217,41 km² | |
Befolkingsticht. | 2.893 ynw./km² | |
Hichte | 38 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 40210-40629 | |
Koördinaten | 51° 13' N 06° 46' E | |
Offisjele webside | ||
www.duesseldorf.de | ||
Kaart | ||
Slute
De stêd is de op ien nei grutste stêd fan Noardryn-Westfalen. Flughafen Düsseldorf International is ien fan 'e grutste lofthavens fan it lân. Der is in grut ferskaat oan yndustry, lykas gemy, masinebou, elektroanika, telekommuniskaasje en fiedselproduksje.
Dêrnjonken is Düsseldorf ek in wichtige keunststêd mei grutte keunstsamlings en ferskillende musea. It hat ien fan 'e meast ferneamde keunstakadeemjes fan Europa, de Kunstakademie Düsseldorf.