![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/e/ed/Hulp_voor_Onbehuisden_1903_-_1913%252C_Guldens_Jubilee_Fonds.jpg/640px-Hulp_voor_Onbehuisden_1903_-_1913%252C_Guldens_Jubilee_Fonds.jpg&w=640&q=50)
Daan Hoeksema
From Wikipedia, the free encyclopedia
Daniël (Daan) Hoeksema (Oldekerk, 11 april 1879 – Amsterdam, 4 jannewaris 1935) wie in Nederlânsk tekener.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/e/ed/Hulp_voor_Onbehuisden_1903_-_1913%2C_Guldens_Jubilee_Fonds.jpg/640px-Hulp_voor_Onbehuisden_1903_-_1913%2C_Guldens_Jubilee_Fonds.jpg)
Koart nei't er berne waard ferfear de húshâlding nei Roan dêr't heit bakker waard. Daan Hoeksema holp yn de winkel, mar folge ek lessen yn tekenjen op de jûnsskoalle fan Minerva, de akademy foar byldzjende keunsten yn Grins. Nei noch twa jier deiûnderwiis op dy akademy gie er yn 1901 nei de keunstniverheidsskoalle yn Amsterdam. Nei trije jier folge er ek in jûnsklasse oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten dêre.
Daan Hoeksema makke in protte wurk foar ornearre foar bern. Njonken yllustrator foar berneboeken wie er ien fan de earste striptekeners en reklametekeners fan Nederlân. Hy makke in protte advertinsjes en affysjes en hy wie boekbânûntwerper (sa ûntwurp er in soad boekbannen en omslaggen foar de Utjouwerij Bruorren E.& M. Cohen) en makke ferskaat oan reklame-útjeften wêr't de earste Flipje-útjeften by wiene.