David Cassidy
From Wikipedia, the free encyclopedia
David Bruce Cassidy (New York, 12 april 1950 - Fort Lauderdale, 21 novimber 2017) was in Amerikaansk sjonger, songwriter en gitarist.
Hy waard ferneamd troch syn rol fan Keith Partridge yn de telefyzjerige The Partridge Family (1970-1974) dy't yn 1972 en 1973 ek yn Nederlân útstjoerd waard. De searje makke fan Cassidy in tsienderydoal. De massahystery by syn optredens waard "Cassidymania" neamd. By ien sa'n kring- en triuwparij yn it Londenske White City Stadium rekke in famke fan 14 dea.
Cassidy typearre de muzyk út syn begjinjierren sels as "kauwgom-pop". Yn ynterviews hat er sein dat er serieus naam wurde wol as rockmuzikant en akteur. Hy scoorde hits mei ûnder oaren I think I love you (1971), How Can I Be Sure (1972) en Could It Be Forever (1972).
Cassidy, dy't oanhelle wie mei demintens, stoar yn de âldens fan 67 jier yn Fort Lauderdale, Floarida, dêr't er yn in sikhûs opnaam wie fanwegen lever- en nierfalen.