De Hel van '63
film út 2009 fan Steven de Jong / From Wikipedia, the free encyclopedia
De Hel van '63 is in Nederlansk histoarysk sportdrama út 2009 ûnder rezjy fan Steven de Jong, mei yn 'e haadrollen Chris Zegers, Cas Jansen, Lourens van den Akker en Chava Voor in 't Holt. De film is Nederlânsk- en Frysktalich. De titel betsjut "De Hel fan '63", en ferwiist nei de Tolfde Alvestêdetocht fan 18 jannewaris 1963, dy't ferriden waard ûnder barre winterske waarsomstannichheden. It ferhaal folget fjouwer dielnimmers oan 'e toertocht, dy't nettsjinsteande it oanboazjende waar oant it uterste geane om dochs de einstreek te heljen. Fan 'e filmkritisy krige De Hel van '63 oer it algemien negative oant tuskenbeiden resinsjes. Hoewol't der ûnder it publyk gâns belangstelling foar de film wie, kaam de produksje mei fertoanings yn 'e bioskopen net út 'e kosten.
De Hel van '63 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e IMDb) | ||
makkers | ||
regisseur | Steven de Jong | |
produsint | Klaas de Jong Steven de Jong | |
senario | Steven de Jong Maarten Lebens Jean Ummels | |
kamerarezjy | François Perrier | |
muzyk | Ronald Schilperoort | |
filmstudio | De Hel van '63 Film B.V. Nederlânsk Fûns foar de Film COBO Fûns Frysk Filmfûns Bridge Entertainment Group KRO | |
distribúsje | E1 Entertainment Benelux | |
spilers | ||
haadrollen | Chris Zegers Cas Jansen Lourens van den Akker Chava Voor in 't Holt | |
voice-over | Reinier Paping | |
byrollen | Rense Westra Chantal Janzen Dirk Zeelenberg Cees Geel Peggy Vrijens | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Nederlân | |
premiêre | 13 desimber 2009 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoarysk sportdrama | |
taal | Nederlânsk en Frysk | |
spyltiid | 108 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | €3.000.000 | |
opbringst | €1.771.851 |