![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/3e/Lucretius%252C_De_rerum_natura.jpg/640px-Lucretius%252C_De_rerum_natura.jpg&w=640&q=50)
De Rerum Natura
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Rerum Natura ("Oer it Aard fan de Dingen") is in lang, yn it Latyn skreaun leardicht fan 'e hân fan 'e Romeinske dichter en filosoof Lukretius (±99 – 55 f.Kr.). It gedicht bestiet út likernôch 7.400 fersregels dy't skreaun binne yn daktylyske heksameters, en is ferdield yn seis boeken sûnder eigen titels. It behannelt de natuerkundige ideeën fan 'e epikuristyske filosofy yn in rike dichterlike taal fol byldspraak. It aard fan it ferstân en de siel, fan it gefoel en de gedachte, en fan 'e ûntjouwing fan 'e wrâld mei al syn natuerlike ferskynsels passearje de revu. In krúsjaal punt is dat neffens Lukretius it hielal bestiet en beweecht op grûn fan natuerkundige prinsipes dy't folslein weromgeane op fortuna ("lok", of yn dit gefal "tafal"), sûnder ienige tuskenkomst fan 'e goaden. De Rerum Natura datearret út 'e earste iuw f.Kr., mooglik út it jier 54 f.Kr., krekt foar Lukretius syn hommels ferstjerren, wat ek de abrupte ein fan boek VI ferklearje soe.
De Rerum Natura | ||
![]() | ||
It begjin fan De Rerum Natura yn in manuskript út 1483, dat makke wie foar paus Sikstus IV. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | De Rerum Natura | |
auteur | Lukretius | |
taal | Latyn | |
foarm | poëzij | |
sjenre | leardicht | |
skreaun | ±54 f.Kr. (?) |