De Swalkers
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Swalkers (Russysk: Передвижники, Peredvizjniki) wie in groep Russyske keunstskilders út de lette 19e - begjin 20e iuw. Harren keunst wurdt ta it Realisme rekkene. Hja fersetten harren tsjin de beheinings dy't de keunstakademy fan Sint-Petersburch harren oplei en foarmen dêrom in gearwurkingsferbân.
It doel fan de Swalkers wie om de keunst tichter by de minsken te bringen. Dêrom wiene har skilderijen faak sosjaal-kritysk. Dizze keunstners waarden stipe troch mesenas Pavel Tretjakov, waans kolleksje letter ûnderbrocht waard yn de Tretjakovgalery.
Letter waard harren keunst as foarbyld steld foar de Sowjet keunst, it sosjalistysk realisme.
Wichtige leden fan De Swalkers wiene:
- Nikolaj Bogdanov-Belski
- Aleksej Bogoljoebov
- Nikolaj Ge
- Archip Koeindzji
- Ivan Kramskoj
- Klavdi Lebedev
- Isaak Levitan
- Rafail Sergejevitsj Levitsky
- Vasili Perov
- Ilja Repin
- Aleksej Savrasov
- Valentin Serov
- Ivan Sjisjkin
- Vasili Soerikov
- Apollinari Vasnetsov
- Viktor Vasnetsov
Oaren: