De Twa Eallju fan Verona
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Twa Eallju fan Verona, yn it oarspronklike Ingelsk: The Two Gentlemen of Verona, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje, dy't nei gedachten skreaun is yn 1590 of 1591, en foar it earst publisearre waard yn 1623, as ûnderdiel fan 'e saneamd First Folio. De measte saakkundigen beskôgje it as Shakespeare syn earste stik en it befettet eleminten dy't de grutte toanielskriuwer letter yn grutter detail útwurkje soe, lykas it harsels ferklaaien as in jonge troch de heldinne. It wurdt dan ornaris ek sjoen as ien fan syn swakkere stikken. The Two Gentlemen of Verona giet oer twa jonge eallju út Verona, dy't nei it hof fan 'e hartoch yn Milaan geane en dêr beide fereale reitsje op 'e hartoch syn dochter, en oer hokfoar nuvere setten oft se dogge om inoar de loef ôf te stekken en it tsjeppe fanke foar harsels te winnen. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma is út 1956.
De Twa Eallju fan Verona | ||
![]() | ||
De Fryske oersetting fan Douwe Kalma, yn 2007 yn 'e mande mei de oersettings fan In Komeedzje Fol Fersinnen en Leafde's Lêst Net Leanne werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer y.g.m. ELF. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Two Gentlemen of Verona | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 1590 of 1591 | |
1e publikaasje | 1623, Londen | |
bondel | First Folio | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Twa Eallju fan Verona | |
publikaasje | 1956, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |