![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/8/80/Flag_of_the_United_States_%25281877%25E2%2580%25931890%2529.svg/langfy-640px-Flag_of_the_United_States_%25281877%25E2%2580%25931890%2529.svg.png&w=640&q=50)
Departemint Alaska
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Departemint Alaska (Ingelsk: Department of Alaska) wie de oantsjutting foar Alaska as bestjoerlike ienheid fanôf de Oankeap fan Alaska, op 18 oktober 1867, oant 17 maaie 1884, doe't it bestjoerlik herfoarme waard as it Distrikt Alaska. (Letter soe it gebiet him ûntjaan ta it Territoarium Alaska en úteinlik ta de Steat Alaska.) Fan 1867 oant 1884 wie Alaska in ûnorganisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten sûnder eigen bestjoer, dat efterinoar troch ferskate ynstânsjes fan it regear yn it fiere Washington, D.C. bestjoerd waard.
Fluch de feiten Departemint Alaska Department of Alaska, 1867 – 1884 ...
Departemint Alaska Department of Alaska | |
---|---|
1867 – 1884 | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
geografyske lokaasje | |
![]() In lânkaart fan Alaska út 1867. | |
polityk | |
haadstêd | Sitka |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
steatsfoarm | ûnorganisearre territoarium fan de Feriene Steaten |
ûntstien út | ● ![]() |
opgien yn | ● ![]() |
no diel fan | ● ![]() |
sifers | |
ynwennertal | 33.426 (1880) |
befolkingstichtens | 0,02 / km² (1880) |
oerflak | 1.717.856 km² (13,8% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Amerikaanske dollar |
Slute