Dokkum
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dokkum is in stêd yn 'e gemeente Noardeast-Fryslân. Dokkum leit noardlik fan Damwâld, eastlik fan Boarnwert, westlik fan Eastrum en besuden Ealsum. It sintrum fan 'e stêd leit tusken de grêften op de twa âlde terpen, dêr't Dokkum op boud is. Dokkum is ien fan 'e alve Fryske stêden. De buorskip Betterwurd heart ek by Dokkum.
Fluch de feiten
Dokkum | ||
Stedhûs | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 12.965 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 9,77 km², wêrfan: - lân: 9,24 km² - wetter: 0,53 km² | |
Befolkingsticht. | 1.388 ynw./km² | |
Oar | ||
Stifting | 754 (oerlevering) | |
Ferkearsieren | N356 N361 | |
Postkoade | 9100-9103 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 19' N 5° 59' E | |
Offisjele webside | ||
dokkum.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik Dokkum (grien) yn 'e eartiidske gemeente Dongeradiel |
Slute
- Dizze side giet oer de stêd Dokkum. Foar it eardere gemeente, sjoch: Dokkum (gemeente).
Dokkum hat 12.965 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.