Dornier Do X
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Dornier Do X wie yn 1929 de grutste, swierste en krêftichste fleanboat doe't er út de Dornier-fabryk yn Dútslân rôle. It tastel waard ûntwurpen troch Dr. Claude Dornier, begjinnend yn 1924, waard der 7 jier oan arbeide. Dêrby waard foar it earst gebrûk makke fan in houten model (skaal 1: 1). De bou naam twa jier.
Dornier Do X | |
---|---|
Rol | Ferkearsfleanmasine |
Makker | Dornier |
Untwerper | Claude Dornier |
Earste flecht | 12 july 1929 |
Yn tsjinst | Oktober 1930 |
Ut tsjinst | |
Tal makke | 3 (1928 - 1931) |
Brûker | Deutsche Luft Hansa |
It projekt waard finansiere troch it Dútske Ministearje fan Ferfier. It tastel waard boud yn in spesjale fabryk te Altenrhein, by it Switserke part fan de Mar fan Konstanse om dêrmei it Ferdrach fan Fersailles te omsilen dat Dútslân ferbea on fleanmasines te bouwen nei de Earste Wrâldkriich.
It tastel wie populêr by it publyk, mar hie brek oan kommersjele belangstelling. Trije ûngemakken mei de Do X soargen dat der net mear as trije fan boud binne.