Dreamweaver's Dilemma (ferhalebondel)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dreamweaver's Dilemma is in ferhalebondel fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold, hoewol't der ek non-fiksje fan oaren yn opnommen is. De titel is ûntlient oan 'e novelle Dreamweaver's Dilemma. It boek befettet trije koarte ferhalen en trije novellen, mei dêropta fiif essays, in fraachpetear en in ferskaat oan oare non-fiksje. De fiksje is foar it meastepart fan it science fiction-sjenre. Dreamweaver's Dilemma is gearstald ûnder de redaksje fan Suford Lewis. It boek waard yn febrewaris 1996 foar it earst publisearre troch de New England Science Fiction Association (NESFA) yn in beheinde oplaach fan 1.200 hardcovereksimplaren. Yn febrewaris 1997 brocht deselde útjouwerij in paperbackedysje op 'e merk.
Fluch de feiten
Dreamweaver's Dilemma | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Lois McMaster Bujold en oaren | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1996, Boston | |
oarspr. útjwr. | NESFA | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 19 53 68 536 |
Slute