Earste Punyske Oarloch
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Earste Punyske Oarloch (264 f.Kr. – 241 f.Kr.) wie de earste fan de trije Punyske oarloggen, dy't útfochten waarden tusken Rome en Kartago om de hegemony oer it Westlik Middellânske Seebekken. De kriich waard fral op see striden en einige troch in Kartaachske nederlaach wêrby't hja de kontrôle ferlear oer har koloanjes op Sisylje en Sardynje, hokker eilannen sûnt dy tiid Romeinske provinciae (=wingewesten) wêze soenen.