![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/50/L%25C3%25A2nkaart_lokaasje_Friso-Saksyske_Talen.gif/640px-L%25C3%25A2nkaart_lokaasje_Friso-Saksyske_Talen.gif&w=640&q=50)
Eastfrysk (Nederdútsk)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Eastfrysk of Eastfrysk Nederdútsk (ek: Eastfrysk Plat, Eastfrysk: Oostfreesk, Oostfräisk of Oostfräisk Tóól[1]) wurdt sprutsen yn East-Fryslân en is in fariant fan it Nederdútsk. It Eastfrysk Plat en it Grinslânsk wurde meastal as ien dialekt beskôge.
Fluch de feiten
Eastfrysk (Nederdútsk) | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Eastfrysk Plat | |
eigen namme | oostfreesk, oostfräisk | |
lânseigen yn | Dútslân | |
tal sprekkers | ~200.000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Noardwestgermaansk - Nederdútsk - Friso-Saksysk - Eastfrysk Plat | |
dialekten | Sjoch dialekten | |
taalstatus | ||
offisjele status | erkend as Nederdútsk | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | frs | |
ISO 639-3 | frs |
Slute
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/50/L%C3%A2nkaart_lokaasje_Friso-Saksyske_Talen.gif/320px-L%C3%A2nkaart_lokaasje_Friso-Saksyske_Talen.gif)
It Plat of Nederdútsk hat tusken de 15e en 18e iuw de oarspronklike Fryske taal fan East-Fryslân ferdreaun. Troch it Fryske substraat is it in bysûndere fariant fan it Nederdútsk en wurdt dêrom ek wol oantsjutten as Friso-Saksysk dialekt. Hjoed-de-dei wurdt mei Eastfrysk faak it Eastfrysk Plat bedoelt, de oarspronklike Eastfryske taal libbet allinnich noch yn it Sealterlân.