![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/c/cd/Seal_of_Edward_II-2.jpg/640px-Seal_of_Edward_II-2.jpg&w=640&q=50)
Edwert II fan Ingelân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Edwert II (Ingelsk: Edward II; Kastiel fan Caernarfon (Wales), 25 april 1284 – Kastiel fan Berkeley (Ingelân), 21 septimber 1327) wie kening fan Ingelân fan 1307 oant 1327. Hy wie in swakke bestjoerder, dy't in protte fan it keninklik gesach wer ferspile dat syn heit Edwert I ûnder syn eigen regear wûn hie. Edwert II urf in lân dat ekonomysk djip yn 'e ûnderwâl brocht wie troch syn heite militêre aventoeren, yn it bysûnder troch de slepende oarloch mei de Skotten. Mar ynstee dat er besocht regaad te meitsjen, wie Edwert II it grutste part fan syn regear dwaande mei binnenlânske yntriizjes en skelen mei de Ingelske adel. Uteinlik waard er yn 1327 finzen nommen en ôfset, en letter dat jiers nei alle gedachten út 'e wei romme. Der bestiet in oangeand debat ûnder histoarisy oer de fraach oft Edwert II no in loai en ynkompetint kening wie, of dat er in fierders tige talintfol man wie dy't lykwols foar it bestjoeren fan in lân no krekt folslein ûngeskikt wie.
Edwert II fan Ingelân | ||
![]() | ||
![]() | ||
Ofbylding fan Edwert II op syn eigen segel. | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 25 april 1284 | |
berteplak | Kastiel fan Caernarfon (Wales) | |
stjerdatum | 21 septimber 1327 | |
stjerplak | Kastiel fan Berkeley (Ingelân) | |
dynasty | Hûs Plantagenêt | |
etnisiteit | ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() ![]() | |
kening fan Ingelân hartoch fan Akwitaanje hear fan Ierlân | ||
regear | 1307 – 1327 | |
foargonger | Edwert I | |
opfolger | Edwert III | |
greve fan Pontelân (Ponthieu) | ||
regear | 1290 – 1327 | |
foargonger | Eleönoara en Edwert I | |
opfolger | Edwert III | |
prins fan Wales | ||
regear | 1301 – 1307 | |
foargonger | Llywelyn ap Gruffudd | |
opfolger | Edwert (de Swarte Prins) |