Ellen de Thouars
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ellen de Thouars (Drachten 11 april 1915 – Amsterdam, 14 july 1997) wie in Nederlânsk aktrise.
Ellen de Thouars gie nei de HBS en doe nei in kostskoalle yn Switserlân.
Op 20 febrewaris 1951 troude hja mei de akteur Ko van Dijk. Sy spile doe by Comedia, it toanielselskip dêr't Ko van Dijk ek oan ferbûn wie. Dit houlik waard yn 1955 ûntbûn.
De Thouars waard bekend troch har karakterrollen yn in protte produksjes tusken 1941 en 1969 by ferskillende toanielgroepen. Yn de jierren '70 wie hja te sjen yn de Swiebertje-rige, mar ek yn ferskate oare telefyzjeprogrammas. Yn 1980 krige hja de rol fan mem yn de Nederlânske spylfilm Spetters fan Paul Verhoeven en yn 1984 spile hja yn de searje Opzoek naar Yolanda de rol fan frou G.H. Razendijk-Klepjes njonken Ad Noyons dy't har man spile.