Elsa Lanchester
From Wikipedia, the free encyclopedia
Elsa Sullivan Lanchester (28 oktober 1902 - 26 desimber 1986) wie in Britsk-Amerikaansk karakteraktrise mei in lange karriêre yn it teäter, de film en op telefyzje.
Elsa Lanchester | ||
akteur | ||
Elsa Lancaster | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Elsa Sullivan Lanchester | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 28 oktober 1902 | |
berteplak | Lewisham, Londen | |
stoarn | 26 desimber 1986 | |
stjerplak | Woodland Hills, Los Angeles | |
jierren aktyf | 1925–1986 | |
offisjele webside | ||
Offisjele webside |
Sy moete de akteur Charles Laughton yn 1927 en troude twa jier letter mei him. Har rol as de breid yn 'De breid fan Frankenstein' (1936) brocht har wurdearring as aktrise en dy rol bleau de rest fan har libben tige mei har assosjearre.
Nei Laughton's dea yn 1962 begûn Lancaster har filmkarriêre op 'e nij en ferskynde mei súkses yn Walt Disney-films sa as Mary Poppins (1964), That Darn Cat! (1965) en Blackbeard's Ghost (1968). De horrorfilm Willard (1971) wie in tige grut súkses en in wichtige lêste rol hie hja yn Murder By Death (1976).
Elsa Lanchester seit in har biografy Elsa Lanchester Herself dat har man homoseksueel wie en dat hja dêrom gjin bern hiene. De mei Charles befreone akrise Maureen O'Hara seit lykwols dat Lancaster yn har jeugd twa abortussen hân hie en dat ien dêrfan in bern fan Charles wie. Charles hat wolris sein dat syn grutste fertriet wie dat er nea heit wurden is.
Lanchester hat in kear oer O'Hara sein, "Sy sjocht derút as ien dêr't bûter net iens yn de mûle rane wol, noch op in oar plak."