Enno III fan Eastfryslân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Enno III fan Eastfryslân (Auwerk, 30 septimber 1563 – Leerort, 19 augustus 1625) wie de âldste soan fan greve Edzard II fan Eastfryslân en Katarina Wasa, âldste dochter fan Gustaaf I fan Sweden. Hy folge yn 1599 syn heit op as greve fan Eastfryslân.
Enno III fan Eastfryslân | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Eastfrysk | |
bertedatum | 30 septimber 1563 | |
berteplak | Auwerk | |
stjerdatum | 19 augustus 1625 | |
stjerplak | Leerort | |
Greve fan Eastfryslân | ||
regear | 1599 – 1625 | |
foargonger | Edzard II | |
opfolger | Rudolf Kristiaan |
Yn 1602 belegeren de troepen fan Enno III omdôch it opstannige Emden. Hy moast yn 1603 it ferdrach fan De Haach slute, wêryn't er net allinnich de oanwêzichheid fan in Hollânsk garnizoen yn Emden akseptearje moast, mar ek de kosten fan it garnizoen betelje moast. Yn 1609 bruts de striid fannijs los. De Emders wûnen by de skermutselingen yn Grytsjesyl en besetten tydlik de greeflike residinsje yn Aurich. Yn 1611 legeren de Hollanners troepen yn Leerort. Op 24 maaie waard it akkoart fan Osterhusen tekene, wêrtroch't de soevereiniteit fan de greve fan Eastfryslân beheind waard en de oanwêzichheid fan in Hollânsk garnizoen yn Emden beëinige waard.