Ernst Lossa
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ernst Lossa (Augsburg, 1 novimber 1929 – Irsee (Dútslân), 9 augustus 1944) wie ien fan de tûzenen slachtoffers fan it programma fan de nazys yn it Tredde Ryk om minsken mei in erflike of psychyske sykte twongen te eutanasearjen.
Ernst Lossa wie de soan fan Christian en Anna Lossa út Augsburg. Syn heit kaam oan de kost mei it ferkeapjen fan guod by de doarren lâns en de famylje hearde by de semy-nomadyske minderheid fan de Jeenjers. Syn mem stoar al yn 1933, doe't Ernst noch mar fjouwer jier wie. De Jeenjers wiene yn it Tredde Ryk in as sigeuners en sutelders ferfolge minderheid.
Yn 1939 waarden syn heit, twa bruorren fan syn heit en oare famyljeleden troch de nasjonaal-sosjalisten nei it konsintraasjekamp Dachau deportearre. De heit fan Ernst stoar neffens ferskillende berjochten yn it kamp Mauthausen of yn Flossenbürg. De bern, Ernst en syn twa suskes Anna en Amalie, waarden troch de nasjonaal-sosjalisten yn in bernehús yn Augsburg-Hochzoll ûnderbrocht. Anna en Amalie oerlibben de Twadde Wrâldkriich.