From Wikipedia, the free encyclopedia
De Euroborg is it stadion fan FC Groningen (FC Grins) mei in kapasiteit fan 22.550 sitplakken. It stadion waard yn 2004-2005 boud en iepene yn 2006. De stuollen op de tribune binne yn de klupkleuren grien en wyt.
It stadion leit yn it súdeasten fan Grins, net fier fan de A7 nei Hoogezand ta. De tribunes binne ferdield oer twa ringen om it hiele fjild hinne. Yn it kompleks Euroborg is ek romte foar in bioskoop, in skoalle, in kasino, in supermerk, in sportskoalle, ferskate hoareka- en buroromten.
Yn 2007 wie de Euroborg ien fan de fjouwer Nederlânske stadions dêr't it UEFA Europeeskkampioenskip fuotbal ûnder 21 holden waard. De finale fan dat toernoai tusken Nederlân en Servje waard ek yn de Euroborg spile.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.