European League follybal manlju 2009
From Wikipedia, the free encyclopedia
De European League follybal manlju 2009 wie de sechsde edysje fan it jierlikse European League follybal foar manlju. Der diene tolve Europeeske lannen mei. Yn de earste omloop waard spile yn trije groepen mei elts fjouwer lannen. Dy omloop waard spile fan 5 juny oant en mei 12 july 2009, de finale waard yn Portegal hâlden op 18 en 19 july. Yn de earste omloop waard der spile yn 6 ferskate omlopen. Yn totaal spile elts lân twaris tsjin itselde lân. De winners fan de trije groepen en it gastlân pleatsten har foar de finaleomloop. Yn dit gefal wie Portegal it gastlân. Nêst Portegal giene ek Spanje (winner fan groep A), Dútslân (winner fan groep B) en Slowakije (winner groep c) nei de finaleomloop. It evenemint wurdt organisearre troch it CEV, it Europeeske follybalbûn.