kommersjeel online sosjaal netwurk / From Wikipedia, the free encyclopedia
Facebook is in Amerikaansk bedriuw en sosjaalnetwurkside, oprjochte yn 2004. Sûnt maaie 2008 bestiet er in Nederlânsktalige ferzje. Yn desimber 2008 groeide de site mei 600.000 nije oanmeldingen deis. Yn april 2009 hie Facebook goed 200 miljoen aktive brûkers; fiif moannen letter wienen dat 50 miljoen mear. Yn july 2010 betsjinne Facebook al in heal miljard brûkers, sa'n 7% fan it oantal ierdbewenners.
Facebook bestiet sûnt 4 febrewaris 2004 (doe hjitte it noch "The facebook"). Mark Zuckerberg is de oprjochter en algemien direkteur. It haadkantoar is yn Palo Alto, yn Kalifornje.