![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/59/Fischer_und_Frau.jpg/640px-Fischer_und_Frau.jpg&w=640&q=50)
Fan 'e Fisker en Syn Frou
From Wikipedia, the free encyclopedia
Fan 'e Fisker en Syn Frou, yn it oarspronklike Dútsk: Vom Fischer und Seine Frau, is ien fan 'e minder bekende mearkes dy't troch de bruorren Grimm optekene waarden yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") fan 1812. De Russyske dichter Aleksander Poesjkin brûkte it as basis foar ien fan syn gedichten, en ek de roman Der Butt, fan 'e Dútske skriuwer Günter Grass, is der loskes op basearre. Yn 2012 is it oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm. Foar dyselde bondel sette Gosse Blom it oer yn it Hylperske dialekt, ûnder de titel De Fisker en Syn Frou.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/59/Fischer_und_Frau.jpg/640px-Fischer_und_Frau.jpg)
Fluch de feiten
Fan 'e Fisker en Syn Frou | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Vom Fischer und Seine Frau | |
auteur | Bruorren Grimm | |
taal | Dútsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke, fabel | |
1e publikaasje | 1812, Berlyn | |
oarspr. útjwr. | Realschulbuchhandlung | |
bondel | Kinder- und Hausmärchen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Fan 'e Fisker en Syn Frou | |
publikaasje | 2012, De Gordyk | |
útjouwer | Utjouwerij Bornmeer | |
oersetter | Anne Tjerk Popkema | |
ISBN oers. | 978-9 05 61 52 888 |
Slute