Feanlyk
From Wikipedia, the free encyclopedia
In feanlyk is in yn it fean fûn oerbliuwsel fan in prehistoarysk minsklik lichem.
Troch de konservearjende wurking fan it fean (leech soerstofhalte en de soere omjouwing - feanwetter is soer) hawwe dizze liken de tiid treast en binne yn betreklik goede steat bewarre.
Earder waard wol tocht dat it om minsken gie dy't yn it moeras ferdwaald wiene. Tsjintwurdich wurdt oannomd dat sommige persoanen offere waarden. De oanwizingen dêrfoar binne bygelyks koarden om de hals en brutsen wringen.
Ek Tasitus skreau yn syn Germania al oer de gewoante om foarwerpen (bilen, swurden, amers) as offer yn it wetter te lizzen. Dy binne ek faak weromfûn. Dat der liket bewiis te wêzen dat ek de feanliken offers wienen. Fierder beskriuwt Tasitus hoe't terjochtstelden soms ferdronken waarden.
By it turfstekken binne in soad feanliken fûn, ek yn Nederlân.
Bekende feanliken:
- Famke fan Yde (Nederlân)
- Pear van Weardinge (Nederlân)
- Feanlyk fan Kibbelgaarn (Bourtanger fean, Nederlân)
- Famke "Moora" fan it Uchter fean (Dútslân), Ofbylden sjoch hjir
- Jonge "Burli" fan Burlage (Burloage yn Dútslân, yn de omkriten fan it Sealterlân)
- Man fan Husbäke (Husbäke yn Dútslân, yn de omkriten fan it Sealterlân), Fideo sjoch hjir
- Jonge fan Kayhausen (by Aldenboarch, Dútslân), sjoch hjir
- Man fan Tollund (Denemark)
- Man fan Grauballe (Denemark)
- Lindowman (Ingelân)
It Drintsk Museum in Assen hat in grutte fêste kolleksje oer de prehistoarje fan de provinsje Drinte. Der binne ek feanliken te besjen, sa as it Famke fan Yde en it Spantsje fan Weardinge.
Bisten binne der net folle yn feangrûn fûn. In ferneamde fynst wie dy yn 1953 yn de omkriten fan it Sealterlân, de Turfhûn fan Burloage fan om 1544 hinne (± 67 jierren). (Ofbyld hjir)