Ferdrach
From Wikipedia, the free encyclopedia
In ferdrach (meartal: ferdraggen), ek wol in kovinsje of in traktaat neamd, is in skriftlike diplomatike oerienkomst dy't wetlik binend is, tusken twa of mear lannen en/of oare folkerjochtlike ynstellings, lykas in ynternasjonale organisaasje of in selsstannige religieuze autoriteit (bgl. de Hillige Stoel). Ferdraggen binne tige gaadlik om detaillearre ôfspraken tusken lannen yn fêst te lizzen. Hoewol't ferdraggen formeel ek mûnling ôfsletten wurde kinne, bart dat frijwol nea, om't alle partijen in skriftlike ûnderbouwing fan harren posysje binnen it oangeande ferdrach hawwe wolle, sadat se dêr op weromfalle kinne as se miene dat se oan 't krapperein kommen binne.
As in ferdrach mar troch twa partijen sletten wurdt, sprekt men fan in bilateraal ferdrach; binne der mear as twa partijen by belutsen, dan is it in multylateraal ferdrach. Mei't it folkerjocht in stelsel is fan 'horizontale hanthavening' moat it tafersjoch op it neilibjen fan ferdraggen dus fan 'e partijen sels komme. De reden dêrfoar is dat der gjin sintrale ynternasjonale ynstânsje is dêr't alle lannen sok foech oan ôfstean wolle. Algemiene regels foar ferdraggen binne fêstlein yn it Ferdrach oangeande it Ferdrachrjocht dat yn 1969 yn Wenen sletten waard.