From Wikipedia, the free encyclopedia
Mei de term first lady (Ingelsk foar "earste dame") wurdt yn 'e regel ferwiisd nei de frou fan 'e presidint fan in lân (gauris spesifyk de Feriene Steaten). Somtiden kin it ek de frou fan in premier fan in lân wêze, en binnen de Feriene Steaten wurde ek de oarehelten fan 'e gûverneurs fan 'e ôfsûnderlike steaten oantsjut as de first lady of the first gentleman (it manlike ekwifalint) fan 'e oangeande steat. Yn 'e Feriene Steaten wurdt fierders de frou fan 'e fise-presidint de second lady ("twadde dame") neamd.
It begryp first lady is letterlik út it Italjaansk oerset fan prima donna. Lykwols is in prima donna de froulike haadrol yn in opera, mar it kin ek in man of frou fan kwizekwânsje wêze.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.