From Wikipedia, the free encyclopedia
Florâns (Italjaansk: Firenze) is in stêd yn Itaalje. It is de haadstêd fan de regio Toskane en de provinsje Florâns. Yn de stêd wenje sa'n 370.000 minsken en leit oan de rivier de Arno. De stêd stiet bekend as de widze fan de Renêssânse en jildt dêrmei as ien fan de wichtichste kultuerstêden fan Jeropa.
Florâns | ||
Polityk | ||
Lân | Itaalje | |
Provinsje | Florâns | |
Regio | Toskane | |
Boargemaster | Matteo Renzi (Demokratyske Partij) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 383.083 (2016) | |
Oerflak | 102.41 km² | |
Befolkingsticht. | 3.700 km² | |
Hichte | 50 m | |
Oar | ||
Postkoade | 50121-50145 | |
Offisjele webside | ||
Offisjele side fan de gemeente Florâns |
Florâns waard stifte yn it jier 59 troch Romeinske feteranen dy't út it leger ûntslein waarden. Sy neamden harren stêd 'Florentia' (Latyn foar 'bloei').
Iuwenlang soe de stêd bestjoerd wurde troch de bankiersfamylje de Medisi, wêrfan de measten in grutte belangstelling foar keunsten hiene krekt as de skilderkeunst, byldhoukeunst, arsjitektuer en literatuer. De Medisi regearen sûnt de 15e iuw oant 1737.
Florâns is de meast útsprutsen renêssânsestêd fan Itaalje. Nearne oars yn Itaalje binne sa'n protte gebouwen en keunstwurken út dat tiidrek.
It belang fan Florâns as hannelsstêd docht ûnder mear bliken út it feit dat de pleatslike munt, de fiorino d'oro of Gouden Florijn, de namme liende oan in protte oare, krekt as de Hongaarske forint en dy fan Nederlân.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.