From Wikipedia, the free encyclopedia
Fonology, lûdlear of klanklear is in dielmêd yn de lingwistyk. It omfiemet it systeem fan eleminten, dy't fonemen (lûden) neamd wurde. Yn de fonology wurde de lûden as boustiennen fan in taal neier besjoen. In list fan alle fonemen binne beskreaun yn it International Phonetic Alphabet (IPA - ynternasjonale fonetyske alfabet).
Linguïstyk |
Algemiene linguïstyk |
Fonology |
Morfology |
Syntaksis |
Semantyk |
Ferlykjende linguïstyk |
Etymology |
De fonology hat trije ûnderskate nivo's:
It fonematyske nivo wurdt ek wol de ûnderlizzende foarm neamd. It fonetyske nivo wurdt ek wol de oerflakte foarm neamd.
Fonemen binne der yn twa soarten, der binne fokalen (lûden) en konsonanten (bylûden). Om oan te jaan op hokker plak yn 'e mûle in fokaal útsprutsen wurdt is der in helpmiddel, de fokaaltrijehoeke. Konsonanten wurde neffens artikulaasjeplak yn de mûle oanjûn. Konsonaten kinne neist artikulaasjeplak ek as stimhawwend of stimleas oantsjut wurde.
Fonemen binne der yn twa skiften, de ûnderlizzende foarm en de oerflaktefoarm. De ûnderlizzende foarm is de foarm neffens útspraak fan fonemen as ienheden op harsels. De oerflaktefoarm is de foarm fan it wurd sa't it as gehiel útsprutsen wurdt. De feroarings fan ûnderlizzend nei de oerflaktefoarm, binne de fonologyske regels. In stikmannich fonetyske regels yn it Frysk binne:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.