![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/bc/Frances_Trollope_by_Auguste_Hervieu.jpg/640px-Frances_Trollope_by_Auguste_Hervieu.jpg&w=640&q=50)
Frances Trollope
From Wikipedia, the free encyclopedia
Frances Milton Trollope (Stapleton ûnder Bristol, 10 maart 1779 – Florâns, 6 oktober 1863) wie in Ingelsk (roman)skriuwster dy't publisearre ûnder de nammen Mrs. Trollope en Mrs. Frances Trollope. Har earste boek, Domestic Manners of the Americans (1832) waard it meast ferneamd, mar sy hat ek sterke sosjale romans publisearre: in anty-slavernij-roman dy't it wurk fan de Amerikaanske skriuwster Harriet Beecher Stowe beynfloede hawwe soe, de earste industrial roman (Michael Armstrong: Factory Boy) en twa anty-katolike romans dy't út in protestansk stânpunt wei selsûntjouwing ûndersochten.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/bc/Frances_Trollope_by_Auguste_Hervieu.jpg/640px-Frances_Trollope_by_Auguste_Hervieu.jpg)
Lju dy't har min meitsje woenen neamden har familiêr Fanny Trollope, dat doetiids as in bytsje fulgêr beskôge waard, en besochten har wurk yn diskredyt te bringen.
Trollope har earste en tredde soan, Thomas Adolphus en Anthony, waarden ek skriuwers; Anthony Trollope syn namme krige klank fanwege syn sosjale romans.