Frankryk
lân yn Jeropa / From Wikipedia, the free encyclopedia
Frankryk, offisjeel de Frânske Republyk, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Parys. Frankryk is lid fan de Feriene Naasjes (1945), mei in permaninte sit yn de Feiligensrie. It lân is ek lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957). It is ien fan de dielnimmers oan de Jeropeeske Monetêre Uny en hat 1 jannewaris 2002 de Frânske frank as muntienheid ynruile foar de Euro.
République française (fr) | |
Biedwurd: Liberté, égalité, fraternité "Frijheid, gelikenens, bruorskip" | |
Folksliet: 'La Marseillaise' | |
Haadstêd | Parys |
Offisjele taal | Frânsk |
Steatsfoarm | Semipresidinsjele republyk |
- presidint | Emmanuel Macron |
- regearlieder | Gabriel Attal |
Unôfhinklikheid | 843 |
Oerflak | 672.369 km² |
- wetter | 0,26% |
Ynwennertal | 67.897.000 (01-07-2022) |
Befolkingstichtens | 100,8 ynwenners/km² |
Muntienheid | Euro (EUR) |
Tiidsône | MET (UTC+1) |
- simmertiid | MEST (UTC+2) |
Nasjonale feestdei | 14 july |
Ynternetdomein | .fr |
Telefoan | +33 |
ISO 3166 | FR, FRA, 250 |
Yn Jeropa heart ek it eilân Korsika by Frankryk, en fierder binne der noch oerseeske departeminten en oerseeske gebieten yn oare wrâlddielen.