Franz Marc
From Wikipedia, the free encyclopedia
Franz Marc (München, 8 febrewaris 1880 – Braquis, ûnder Ferdun, 4 maart 1916) wie in Dútsk ekspresjonistysk keunstskilder, tekener en graveur.
Fluch de feiten
Franz Marc | ||
keunstner | ||
Franz Marc (1910) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 8 febrewaris 1880 | |
berteplak | München | |
stoarn | 4 maart 1916 (36 jier) | |
stjerplak | Braquis | |
etnisiteit | Beiersk dútsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | keunstskilder, tekener, grafikus | |
streaming | Ekspresjonisme |
Slute
Marc lei him foar alles ta op bisteportretten, wêrby't er no net drekt de úterlike ferskiningsfoarm, mar wol de ynderlike essinsje fan it bist besiket te begripen. Dêrby spile de troch him betochte kleuresymbolyk in grutte rol. Bygelyks blau stie by him foar it "it manlik prinsipe, steech en geastlik" en giel foar "it froulik prinsipe, sêft, fleurich en sinlikheid". Under ynvloed fan it kubisme ferienfâldige er de foarmen ek sterk. Dêrtroch hingje syn skilderijen hieltyd mear oer nei it abstrakte. Syk lêste wurk ferwiist dúdlik nei de wiere útdrukkingskrêft fan it abstrakte ekspresjonisme.