Freulepartij 2004
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Freulepartij 2004 dy't op 11 augustus 2004 spile waard yn Wommels, wie de 100e edysje fan de wichtichste keatspartij foar jonges fan 14 oant 16 jier. Oan dizze edysje fan de Freule diene 61 partoeren mei, in rekord yn de skiednis fan de Freule. De dei hie in frjemd ferrin, wêrby it waar in haadrol spile. Nei de start om 9.00 oere by driigjend waar moast it spul al foar healwei tsienen stillein wurde fanwege de rein. Lang like it derop dat der net wer keatst wurde soe mar om healwei tolven begûn it te ljochtsjen, en de Freulepartij koe fjirder by prachtich waar ferkeatst wurde.
It lot wie op dizze Freulepartij geunstich foar tal fan sub-toppers. Alle as favoryt oanmurken partoeren soene elkoar al foar de heale finale moetsje. Op de fjirde list troffen de toppartoeren fan Wommels en Makkum elkoar en dêr waard de Freule 2004 beslist. Makkum feroardiele it heechfavorite Wommels ta in fiifde pryske en sloech him fierder sûnder al te folle tsjinstân yn de krânse.