Friedrich von Schiller
From Wikipedia, the free encyclopedia
Johann Christoph Friedrich (sûnt 1802 von) Schiller (Marbach am Neckar, 10 novimber 1759 - Weimar, 9 maaie 1805) wie in Dútsk toanielskriuwer, filosoof en dichter. Hy jildt as ien fan de grutte literatoaren yn de Dútske skiednis.
Schiller's wurk wie yn it earstoan frijwat revolúsjonêr. Dat betsjutte doetiids: stribje nei frijheid en gelikens, it ôfwizen fan ûnrjochtfeardigens en fan nei eigen goedachtsjen hannelje. Letter waard er mylder. Schiller is ûnder oaren bekend fan it gedicht An die Freude (1785) dat troch syn tiidgenoat Beethoven foar in part ferwurke waard yn it ein fan syn Njoggende Symfony.
Yn Weimar, dêr't Schiller lange tiid wenne, wurdt er eare mei in stânbyld. Neist him stiet stêd- en tiidgenoat Johann Wolfgang von Goethe.
Friedrich Schiller hâlde yn Weimar ta oant syn dea troch tuberkuloaze; hy wie doe 45 jier.
Yn 1889 waard Schillers erfenis eigendom fan de gruthartogin fan Saksen-Weimar-Eisenach, Sophie dy't it Goethe-Schiller-Archiv oprjochte.
In ferneamde útspraak fan Schiller oangeande it wurk fan de filosoof Immanuel Kant oer de Noumenale frijheid is: "Je kinne omdat je moatte".