Göttingen (Nedersaksysk Chöttingen) is in âlde universiteitsstêd yn it súdeasten fan de Dútske dielsteat Nedersaksen.

Fluch de feiten
Göttingen
Chöttingen
Thumb
Merk yn Göttingen
Polityk
LânDútslân
DielsteatNedersaksen
DistriktKreisfreie Stadt
Sifers
Ynwennertal121.060 (2010)
Oerflak117,26 km²
Befolkingsticht.1.032 / km²
Hichte150 m
Oar
Stifting1150-1180
Koördinaten
Offisjele webside
Webside Goettingen
Slute

Ut de skiednis

Göttingen is ûntstien yn de 12e iuw en hat har namme krigen fan in doarpke dat yn 953 as Gutingi foarkomt. Yn de midsiuwen wie Göttingen in Hânzestêd. De bruorren Grimm wienen heechlearaar oan de ferneamde universiteit fan de stêd, dy't yn 1734 stifte waard.

Om 1900 hinne wie de Göttinger universiteit ít sintrum fan de teoretyske natuerkunde en wiskunde yn de wrâld. Tal fan ferneamde gelearden wiene der oan ferbûn of hawwe dêr studearre: Bernhard Riemann, Niels Bohr, David Hilbert, Max Planck, Leo Szilard, Robert Oppenheimer en noch in protte oaren fan namme. Doe't de nazi's yn 1933 de joaden ferbea om les te jaan of te studearjen, ferfarren in protte fan harren nei it bûtenlân. Dy 'braindrain' is de universiteit nea te boppe kaam.

Göttingen hat yn de Twadde Wrâldkriich net folle skea oproan. De binnenstêd hat no in soad winkels, kafees en bars. Dêrom wenje dêr in protte universiteitsstudinten dy't de stêd in jong oansjen jouwe. Yn 2003 wie 45% fan de binnenstêdsbefolking tusken de 18 en 30 jier âld.

Ekonomysk is Göttingen fan belang foar de produksje fan optyske- en presisyapparatuer; bygelyks de mikroskopydifyzje fan Carl Zeiss, Inc. sit dêr. De regio Göttingen advertearret mei it biedwurd "Measurement Valley". Yn 2003 wie it wurkleazenspersintaazje 12.6%.

It spoarstasjon oan de westkant fan de binnenstêd leit oan Dútslân syn wichtichste noard-súdspoar.

Göttingen hat twa profesjonele basketballteams; de manljus- en frouljusteams spylje yn de Basketball-Bundesliga. Sûnt it seizoen 2007/2008 dogge beide teams mei yn de 1e difyzje.

Dielen fan Göttingen

  • Deppoldshausen
  • Elliehausen
  • Esebeck
  • Geismar
  • Grone
  • Groß Ellershausen
  • Herberhausen
  • Hetjershausen
  • Holtensen
  • Innenstadt
  • Knutbühren
  • Nikolausberg
  • Nordstadt
  • Oststadt
  • Roringen
  • Südstadt
  • Weende
  • Weststadt

Berne yn Göttingen

  • Robert Bunsen (31 maart 1811)
  • Heinrich Ewald (16 novimber 1803)
  • Herbert Grönemeyer (12 april 1956)
  • Sandra Nasić (25 May 1976), sjongster fan de rockband Guano Apes
  • Bernhard Vogel (19 desimber 1932)
  • Hans-Jochen Vogel (3 febrewaris 1926)
  • Wolfgang Sartorius von Waltershausen (17 desimber 1809)


Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.