De GR-paden foarmje in netwurk fan langeôfstâns-kuierpaden (LAW) troch Europa, benammen yn Frankryk, Belgje, Nederlân en Spanje. GR binne de inisjalen fan de routepaden Grande Randonnée in Frankryk en Walloanje, en Groteroutepaden yn Flaanderen.
De GR-paden binne yn Nederlân yn beide rjochtingen mei in wyt-read teken markearre mei stikkers, oanbrocht op dykmeubilêr, as mei ferve en yn kuiergidsen en op it webstee fan Wandelnet beskreaun. It is oan te rieden gebrûk te meitsjen fan sa'n gids as de webstee om’t de paadwizers yn it fjild wol ris ferdwine.
It basisteken jout de rûte oan, en wurdt nei ferrin fan tiid werhelle om oan te jaan dat jo noch op it rjochte paad binne. In rjochting oanpassing wurdt yn Nederlân oanjûn mei in pylkje. De Europeeske paden hawwe njonken de nasjonale paadwizers in E-nûmer, bygelyks E11.