Grutte of Sint-Gertrudistsjerke

From Wikipedia, the free encyclopedia

De Grutte of Sint-Gertrudistsjerke yn Warkum is de grutste krústsjerke fan Fryslân.

Sint_Gertrudiskerk_Workum_05.JPG
De toer fan de Gertrudistsjerke yn 2007

Dizze goatyske tsjerke ûntstie ein 15e iuw troch útwreiding fan in foargonger wêr't fierder gjin dielen fan oerbleaun binne. It âldste diel fan de hjoeddeiske tsjerke is de koer, dy't om 1480 ferriisde. Koart hjinei folgen transept en toer. Yn de 16e iuw waard it âlde ienbeukige skip ferfongen troch it hjoeddeiske trijebeukige halleskip, dat ûnfoltôge bleau en oant 1946 ôfsluten wie mei in houten westgevel. Yn 2010 is begûn mei de restauraasje.

De frijsteande tsjerketoer waard begjin 17e iuw oanpast, mar bleau ûnfoltôge. Yn de toer hingje twa klokken. Yn 2007 bruts fan ien fan dizze klokken de getten izeren bingel ôf.

It besjen wurdich binne inkele gildebieren. Der binne ek acht monumintale lykbieren.

20140529_Grote_of_Sint-Gertrudiskerk_Workum_Fr_NL.jpg
De efterside fan de Gertrudistsjerke yn 2014