From Wikipedia, the free encyclopedia
Glenmor (echte namme: Émile Le Scanf, Bretonsk: Milig Ar Skañv; Maël-Carhaix, 25 juny 1931 – Quimperlé, 18 juny 1996) wie in Frânsk sjonger, muzikant en dichter fan etnysk Bretonsk komôf. Hy wie in Bretonsk nasjonalist dy't benammen bekendheid krige om syn protestlieten yn 'e Bretonske taal, wêrmei't er de tradysjes fan 'e folksmuzyk fan Bretanje oanpaste oan 'e popkultuer fan 'e 1960-er en 1970-er jierren. Glenmor skreau ek gedichten en wie dêrnjonken in aktivist foar de Bretonske saak.
Glenmor | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Émile Le Scanf | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 25 juny 1931 | |
berteplak | Maël-Carhaix (Bretanje) | |
stoarn | 18 juny 1996 | |
stjerplak | Quimperlé (Bretanje) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | folksmuzyk, popmuzyk | |
sjongtaal | Bretonsk, Frânsk | |
ynstrumint | stim, gitaar | |
jierren aktyf | 1959 – 1990 | |
offisjele webside | ||
Glenmor yn 'e IMDb |
Glenmor waard yn 1931 as Émile Le Scanf berne yn Maël-Carhaix, in plak yn it Frânske departemint Côtes-du-Nord, op it skiereilân Bretanje. Mei tsien jier gied er yn 1941 nei it seminaarje yn Quintin. Nei't er syn militêre tsjinst úttsjinne hie, folge er in stúdzje filosofy oan 'e Universiteit fan Rennes, dy't er yn 1952 mei súkses ôfrûne. Neitiid reizge Glenmor oant yn 1954 oan ien wei troch yn Itaalje, Grikelân, Turkije, Joegoslaavje en de Sovjet-Uny. It wie yn dy snuorje dat er úteinsette mei it komponearjen fan meldijen en it skriuwen fan lietteksten.
De muzikale karriêre fan Glenmor begûn yn 1959 mei in optreden yn Parys. Syn artystenamme stalde er gear út 'e Bretonske wurden foar "lân" (glen) en "see" (mor). Yn 1961 brocht Glenmor syn earste 45-toereplaat út mei as titel Glenmor, en yn 1967 ferskynde syn earste album ûnder de titel Glenmor à la Mutualité.
Glenmor hiet himsels in politike radikaal te wêzen mei anty-klerikale en anargistyske ideeën. Nei de tradisjonele styl fan 'e Bretonske boeren hied er lang hier en in burd, mar gjin snor. Mei syn protestlieten kaam er op agressive wize op 'e foar de kulturele identiteit fan syn heitelân Bretanje. Glenmor wie dêrmei in opfallende ferskining yn 'e Frânske popmuzyk fan 'e 1960-er jierren, dy't benammen ûnder de Bretonnen al rillegau populariteit krige.
Benammen yn 'e 1970-er jierren wie Glenmor as Bretonsk nasjonalist aktyf belutsen by polityk aktivisme dat him tsjin 'e Frânske steat kearde. Hy skreau it liet Kan bale lu poblek Breizh, dat letter omneamd waard ta Kan Bale an ARB en it marsliet waard fan it Bretonske Revolúsjonêre Leger (ARB). Yn juny 1979 naam Glenmor diel oan in hongerstaking om 'e frijlitting te easkjen fan in troch de Frânske autoriteiten arrestearre Bretonske aktivist dy't fertocht waard fan it útfieren fan in oanslach op it Paleis fan Versailles.
Yn 'e mande mei syn freonen Alain Guel en Xavier Grall rjochte Glenmor de útjouwerij Kalenn op, dy't yn 1968 syn earste dichtbondel publisearre, Le Livre des Chansons. Begjin jierren '70 ferskynden fan 'e hân fan Grall de wurken Barde imaginé en La fête de la nuit, wêrfan't de haadpersoan de bard Arzel is, eins in fiksjonalisearre foarm fan Glenmor. Yn dyselde snuorje rjochten Glenmor, Guel en Grall ek de krante La Nation Bretonne ("It Bretonske Folk") op, dy't grutte ynfloed útoefene op 'e Bretonske yntelligintsia.
Yn 1977 wurke Glenmor mei oan 'e film C'était un Québecois en Bretagne, madame! fan Pierre Perrault. Tegearre mei in oare Bretonske nasjonalist, Meavenn, wurdt er dêryn presintearre as in "ûnteigene dichter" en in "stim fan in wanhoopjende nasjonale identiteit". Sels omskreau er syn rol yn 'e film as dy fan in "mûnlinge sjoernalist mei mienings". Yn 1978 waard Glenmor troch it tydskrift Armor Magazine útroppen ta de "Breton fan it Jier". Yn 1990 waard him de Oarder fan 'e Harmeling takend, in hege Bretonske ûnderskieding foar maatskiplike fertsjinste. Datselde jiers hold er op mei it jaan fan optredens.
Glenmor kaam op 18 juny 1996 yn 'e âlderdom fan 64 jier te ferstjerren yn Quimperlé. Hy waard ûnder grutte tarin fan mear as 4.000 belangstellenden dy't him de lêste eare bewize woene, te hôf brocht yn syn berteplak Maël-Carhaix. Op syn grêfsark stiet de tekst: "Émile LE SCANF (1931–1996) Et voici bien ma terre, la vallée de mes amours. Glenmor" ("En sjochhjir myn moaie lânsdouwe, de delling fan myn leafden.").
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.