Gotlân (Sweedsk: Gotland) is in Sweedskeilân yn de Eastsee op in ôfstân fan likernôch 100 kilometer fan it Sweedske fêstelân. Tegearre mei ferskate omlizzende eilannen foarmet Gotlân ek in provinsje, in lânskip en in gemeente. It folsleine gebiet beslacht in oerflak fan 3.183,7 km².
De haadstêd fan it eilân is Visby, dat ek wol bekend is as de roazestêd troch de protte roazen dy't dêr set binne. Visby hat sa'n 22.600 ynwenners, dat is sa'n 40% fan de totale eilânbefolking. Oan de eastkust fan Gotlân leit it havenstêdsje Slite mei in grutte semintfabryk.
Gotlân is ferneamd fanwege de protte burchten, ruïnes, tsjerken en âlde doarpen dy't it hat. Toerisme is de wichtichste boarne fan ynkommen, mar ek is der lânbou, yndustry (Cementa yn Slite) en tsjinstferliening (Payex te Visby).
Ut reden fan de protte tsjerken út de 13e- en 14e iuw wurdt Gotlân ek wol oantsjut as "it eilân fan de hûndert tsjerken". Yndie is it sa dat hast elts fan de hast hûndert histoaryske parochys syn iuwenâlde, meast restaurearre tsjerke hat.[1]