kleur From Wikipedia, the free encyclopedia
Goud of goudgiel is in kleur dy't beskôge wurdt as in tint fan giel. It wurdt op yn 'e regel omskreaun as in 'waarme' kleur giel, d.w.s. in wat dûnkerder tint as dat giel normaal hat. It kin ek in metallic-kleur giel wêze, dy't mear de kant fan bêzje útskaait. De namme 'goud' komt fan it ealmetaal goud. Yn 'e heraldyk komt goud as in tinktuer foar, dat ek or neamd wurdt, mar yn dy kontekst wurdt mei 'goud' yn 'e regel gewoan giel bedoeld.
By additive kleurminging (bgl. op tillefyzje- en kompjûterskermen) is goud in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch read en grien ljocht te mingen. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in sekundêre kleur, dy't dêr oanmakke wurdt troch de minging fan giel mei in bytsje maginta. It is ek mooglik om 'e yllúzje fan goud te wekjen troch in foarwerp mei in glânzgjende of metallic-kleur sulver oer te skilderjen mei in transparant laachje giele ferve; soks wurdt gauris dien mei krystfersierings.
Hjirûnder inkele kleurtinten dy't wol omskreaun wurde as 'goud':
goud | #FFD700 | |
âldgoud | #CFB53B | |
amber | #FFBF00 | |
ASU-goud1 | #FFC627 | |
Cal Poly Pomona-goud2 | #C6930A | |
feal goud | #E6BE8A | |
goudbrún | #996515 | |
goudgiel | #FFDF00 | |
goudgjirde | #DAA520 | |
klaproasgoud | #FCC200 | |
metallic-goud | #D4AF37 | |
mikadogiel | #FFC40C | |
MU-goud3 | #F1B82D | |
rispinggoud | #DA9100 | |
satynglânsgoud | #CBA135 | |
sinneglâns | #FFCC33 | |
UC Berkeley-goud4 | #FDB515 | |
UCLA-goud5 | #FFD100 | |
USC-goud6 | #FFCC00 | |
Vegasgoud | #C5B358 |
1) in offisjele kleur fan 'e Steatsuniversiteit fan Arizona (ASU)
2) in offisjele kleur fan 'e Kalifornyske Steatspolytechnyske Universiteit Pomona (Cal Poly Pomona)
3) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Missoery (MU)
4) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Kalifornje te Berkeley (UC Berkeley)
5) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA)
6) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC)
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.