Gremlins 2: The New Batch
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gremlins 2: The New Batch is in Amerikaanske swarte komeedzje-horrorfilm út 1990 ûnder rezjy fan Joe Dante, mei yn 'e haadrollen Zach Galligan en Phoebe Cates. De film is in ferfolch op it súksesfolle Gremlins, út 1984. De titel betsjut "Gremlins 2: De Nije Kloft". It ferhaal folget de aventoeren fan 'e mogwai Gizmo, in lyts skattich pluzich wêzentsje, dêr't withoefolle lytse meunsters út fuortkomme as er wiet wurdt. Yn 'e oarspronklike film ferrinnewearje dy in doarp op it Amerikaanske plattelân, wylst se yn it ferfolch húshâlde yn in wolkekliuwer yn 'e grutte stêd. Gremlins 2: The New Batch hat in toansetting dy't folle satirysker is as de earste film, mei geweld dat mear de kant fan slapstick útskaait. De film parodiëarret boppedat de Amerikaanske filmyndustry mei ferwizings nei in grut tal oare films en tillefyzjesearjes. De oanpaste toan foel der lykwols net sa yn: hoewol't Gremlins 2: The New Batch fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes ûntfong, flopte de film yn 'e bioskopen. Sûnt hat er lykwols de status fan cultfilm berikt.
Gremlins 2: The New Batch | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joe Dante | |
produsint | Michael Finnell | |
útfierend produsint | Steven Spielberg | |
senario | Charles S. Haas | |
kamerarezjy | John Hora | |
muzyk | Jerry Goldsmith | |
filmstudio | Amblin Entertainment | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Zach Galligan Phoebe Cates | |
byrollen | John Glover Christopher Lee Robert Picardo Robert Prosky Dick Miller | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 15 juny 1990 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | swarte komeedzje, horrorfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 106 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $30–50 miljoen | |
opbringst | $41,5 miljoen (Noard-Amearika) | |
filmsearje | ||
filmsearje | Gremlins | |
● foarich diel | Gremlins |