Hasmoneeërs
From Wikipedia, the free encyclopedia
De dynasty fan de Hasmoneeërs (Hebriuwsk:חַשְׁמוֹנַּאִים, Ḥašmona'īm) wie in dynasty dy't oer Judeä hearske yn de Klassike Aldheid fan om 140 f.Kr. hinne oant 37 f.Kr. Tusken 140 en 116 f.Kr. hearske de Hasmoneeske dynasty oer Judeä as in heal-ûnôfhinklik keninkryk fan it Seleusidyske Ryk. Doe't it Seleusidyske Ryk útinoar foel, waard Judeä in selsstannich keninkryk en wist it syn gebiet út te wreidzjen mei de gebieten Samaria, Galileä, Itureä en Idumeä. De Hasmoneeërs namen de titel basileus (kening, keizer), en guon skiedkundigen ferwize nei it tiidrek as in selsstannich keninkryk Israel. It keninkryk waard yn 63 f.Kr. troch de Romeinske Republyk oermastere en de dynasty waard ferfongen troch Herodes de Grutte.
Fluch de feiten Keninkryk Judeä ממלכת יהודה Mamleḵeṯ Yehuda, 140 f.Kr. – 37 f.Kr. ...
Keninkryk Judeä ממלכת יהודה Mamleḵeṯ Yehuda | |
---|---|
140 f.Kr. – 37 f.Kr. | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
It Hasmoneeske keninkryk yn syn grutste omfieming | |
polityk | |
haadstêd | Jeruzalim |
offisjele taal | Arameesk (offisjeel) Gryksk Hebriuwsk (liturgysk) |
steatsfoarm | semy-konstitúsjonele teokratyske monargy |
ûntstien út | Koelesyrje |
opgien yn | Herodiaanske dynasty |
no diel fan | Egypte Israel Jordaanje Libanon Palestina Syrje |
sifers | |
ynwennertal | net bekend |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Hasmoneeske munten |
Slute