Hektograaf
From Wikipedia, the free encyclopedia
In hektograaf, sjelatine duplikator of jellygraph is in tastel om mei in bepaalde inket skreaune teksten te fermannichfâldigjen.
De hektograaf bestie út in houten bak fold mei in laachje stisel. Dat laachje sûge – yn spegelbyld – de inkt op út it orizjineel. Dêrnei waard in fel papier op de laach mei inket lein, wêrnei’t de inket mei in rôler in ôfdruk op it papier makke. Mei dizze metoade koenen sa’n tweintich oant tachtich ôfdrukken makke wurde, ôfhinklik fan de handichheid fan de brûker; folle mear dus as mei de kopiearpinne en karbonpapier. De stisel bestie nei de patintferliening yn 1879 út in gearraand mingsel fan ien diel sjelatine, fjouwer dielen glyserine fan 30 Grad Baumé. Minstens acht inketkleuren wienen te krijen, mar pears waard it meast brûkt om syn tichtheid en kontrast. Letter kamen der hektografearmasines dy't in trommel ynstee fan in flakke plaat brûkten. Der wie in spesjaal griis kessen by te krijen om it brûkte sjelatineoerflak skjin te meitsjen. Dat wie wol in gegriem en duorre lang. By it printsjen moast der goed om tocht wurde it sjelatineoerflak skjin de hâlden en net te skansearjen mei de fingerneilen.