From Wikipedia, the free encyclopedia
Helen Elizabeth Hunt (Culver City (Kalifornje), 15 juny 1963) is in Amerikaansk aktrise. Se wûn yn 1998 in Academy Award en in Golden Globe foar har haadrol yn As Good as It Gets. Dêrneist waarden har mear as 25 aktearprizen takend, dêr't noch trije Golden Globes, fjouwer Emmy Awards en trije American Comedy Awards ûnder wiene. De lêste foar har rol yn de telefyzjerige Mad About You.
Hunt spile mei Paul Reiser de haadrol yn de telefyzje-sitcom Mad About You, dy't fan 1992 oant en mei 1999 rûn. Sy en Reiser hellen mei de rige mear as tritich prizen yn, dêr't in Emmy foar Hunt sels by wie yn 1996, 1997, 1998 en 1999.
Dêrneist boude Hunt in filmkarriêre op. Sy spile yn Cast Away, Twister en As Good As It Gets (mei Jack Nicholson). Foar har rol yn de lêste film wûn se 1998 de Oscar foar bêste froulike haadrol. Dêrmei wie Hunt, sûnt Liza Minnelli yn 1973, de earste aktrise dy't sawol in Emmy, in Golden Globe as in Oscar wûn yn ien en itselde jier.
Hunt hat fan july 1999 oant desimber 2000 troud west mei akteur Hank Azaria, hie relaasjes mei Eric Stoltz en Matthew Broderick. Letter krige sy mei skriuwer Matthew Carnahan op 13 maaie 2004 in dochter: Makena Lei Gordon Carnahan.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.